Naar de website

LUDIEKE SPONSOR-ACTIE MET FRANS ZWAAGSTRA

In de laatste week van juli vonden de Paardendagen Driesum-Wouterswoude plaats. Jansma Burdaard was één van de sponsoren van dit grootse evenement. Deze keer geen reclamebord langs het parcours maar een ludieke actie met medewerking van de bekende geitenboer Frans (Anders) Zwaagstra. Frans speelt sinds begin dit jaar de hoofdrol in de nieuwe reclamecampagne van Jansma Burdaard. Tijdens de slotavond van de Paardendagen arriveerde Frans per helikopter op het wedstrijdveld waar hij bijna als een filmheld werd onthaald. Vervolgens reed hij een aantal rondjes op een wagen met daarop een dakkapel van Jansma Burdaard. Het massaal toegestroomde publiek reageerde enthousiast en Frans genoot zichtbaar. Kortom, een geslaagde sponsoractie die wellicht navolging krijgt.

Mear foto's

FLINKE ÚTWREIDING BY JANSMA BURDAARD

It ôfrûne healjier binne de bedriuwsgebouwen fan Jansma Burdaard kompleet fernijd en flink útwreide. Dizze útwreiding wie needsaaklik om oan’e steeds tanimmende fraach nei ús produkten foldwaan bliuwe te kinnen. Boppedat binne der in oantal nije masines oanskaft wêrtroch nije produksjetechnyken mooglik makke binne. It is no de fjirde kear dat op dizze lokaasje oan nijbou dien wurdt. De nije fabryk is hokkerdeis offisjeel iepene troch H. Talsma, wethâlder fan Ferwerderadiel.

NIJ! IT FRISIAN KEZYN

This will be replaced by the player.

Mei it nije Frisian HVL kezyn (Houtverbindingslook) is no ek it lêste optyske ferskil mei houten kezynen fuort naam: skeane lasferbinings hawwe plak makke foar autentyke, rjochte hoekferbinings. Koartby is ús hiele fabryk hjir op oan past. Us keunststofkezynen binne oerdeeglik, hawwe in moaie nerfstruktuur en binne boppedat te krijen yn alle kleuren. Wolle jo mear oan’e weet komme, besykje dan ús toanseal of meitsje in ôfspraek mei ien fan ús advisieurs. Oan jo wurdt dan it ferskil sjen litten tusken de âlde en de nije ‘look’. Trouwens, it keunsstofkezyn mei de skeane hoeken bliuwe wy ek gewoan leverjen, de kar is dus oan jo.

Jansma Burdaard wint
Fryske Reklamepriis 2010!

Moandei 12 april hat de Kommissaris fan de Keninginne, de heer J.A. Jorritsma de Fryske Reklamepriis 2010 foar TV útrikke oan Jansma Burdaard. De prijs bestjit út in jildbedrag en in replika fan it byld fan Grutte Pier. In fiiftal tv-kommersjals wiene nominearre en dy fan Jansma Burdaard (mei Frans ‘Anders’ Zwaagstra in de hoofdrol) waard as bêste útkeazen (sjoch http://www.youtube.com/watch?v=QhFxVsl4F8w). De kritearia wêrop de sjuery de kommersjals hat beoardield wiene: it Frysk, humor, relativearringsfermogen, doel(groep)bewust, kreatyf en werkenber. Wy binnen fansels tige wiis mei dizze priis en binne fan betinken dat ús manier fan reklamemeitsjen oanslat en positief wardjerre wurdt.

It konsept van de kommersjal is betocht troch it reklameburo van Jansma Burdaard, Accènta Mediaspecialisten en de produksje is dien troch Virema Videoproducties. Wy lokwinskje hun fan herte mei it behelde resultaat!

NOVUM BY JANSMA BURDAARD: IT WYNSKERM!

Krekt lyn is troch Jansma Burdaard in tige solide wynskerm ûntwikkele. It giet om in konstruksje fan RVS-peallen mei in poeiercoating foar ekstra beskerming. Dy peallen, dy’t yn beton pleatst wurde, kinne yn alle kleuren levere wurde. Tusken de peallen wurdt in spesjaal hurde glês setten. Fan dat glês kin de ûnderste laach yn kleur útfierd wurde, soks foar mear privacy. De skermen kinne yn ferskate maten en útfieringen levere wurde en de montaazje is o sa ienfâldich. Mear ynformaasje oer dit fraaie wynskerm? Belje of mail ús. Uteraard binne jo ek fan herten wolkom yn ús showroom yn Burdaard.

KARAKTERISTIKE UNDERDROMPEL UNTWIKKELE BY JANSMA BURDAARD

Okkerdeis hat Jansma Burdaard in ûnderdrompel of finsterbank ûntwikkele, wêrmei’t keunststof kezinen oan de bûtenkant in noch moaiere en mear autentike útstrieling krije. De útfining is yn oktober presintearre mei de Iepen Dagen fan it bedriuw. Foar alle details oer dizze noviteit is der in opstelling om te besjen en wurde jo ynformearre yn de showroom.

Tydlike Dakkajút aksje:

DAKKAJUT 300 X 150 SM dakhelling 45 graden; Ynklusyf montaazje

4.720,-

Tydlike aksje:
Enerzjysunich HR+++ isolaasjeglês sûnder mearpriis!

Op dit stuit rint by Jansma Burdaard in ynteressante aksje: By oankeap fan keunststofkezinen wurdt sûnder mearpriis HR+++ isolaasjeglês levere. De foardielen fan dat kwaliteitsglês binne: flinke enerzjybesparring, minder kondinsfoarming en in moaiere ôfwurking. Wolle jo mear witte oer dizze tydlike aksje? Pak de telefoan of kom nei de showroom yn Burdaard.

Jansma Burdaard yntrodusearret unyk 70 mm profyl, sûnder mearpriis.

Der binne net folle bedriuwen yn Nederlân dy’t lykas Jansma Burdaard keunststof kezinen leverje mei in profyldikte fan 70 mm ynpleats fan 60 mm. Mei yngong fan jannewaris 2007 is begûn mei de tapassing dêrfan foar alle keunststofprodukten. It resultaat is in dúdlik sterker en robúster kezyn, wêrfan’t de libbensdoer noch langer garandearre is. It tafoegjen fan ekstra stielfersteviging (sjoch foto) stiet garant foar optimale stabiliteit.
Tanksij de effisjinte produksjemetoade fan Jansma Burdaard is dit allegear mooglik sûnder priisferheging. Wa’t it ferskil sjen en fiele wol kin yn de showroom terjochte. Wa’t hjir bygelyks in keunststofdoar slút - makke fan 70mm profyl - sil ûnder de yndruk wêze fan it 'klûsdoar'gefoel dat dat opropt. Koartom, Jansma Burdaard Keunststof kezinen binne oer- en oerdeeglik, sûnder mearpriis!